Amanda Fuller

Amanda Fuller (Sacramento (Kalifornje), 27 augustus 1984) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise. Hja is fral bekend wurden mei de rol fan Kristin Baxter yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing.

Amanda Fuller
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAmanda Fuller
nasjonaliteit Amerikaansk
berne27 augustus 1984
berteplakSacramento (Kalifornje)
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf1993 – no
offisjele webside
amandafuller.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Fuller waard berne yn 'e Kalifornyske haadstêd Sacramento, mar groeide op yn Los Angeles, dêr't se yn 2002 slagge foar de middelbere skoalle oan 'e Notre Dame High School yn 'e wyk Sherman Oaks.

Fuller hie har earste aktearrol op har njoggende, yn 'e minysearje Tales of the City (1993). Har earste filmrol folge fjouwer jier letter, yn ’Til There Was You (1997).

Fuller fertolke op 'e tillefyzje gastrollen yn û.m. de komeedzjesearjes That '70s Show, Malcolm in the Middle en 8 Simple Rules, de plysjesearjes Walker, Texas Ranger, NCIS, Without a Trace, Bones, CSI: Crime Scene Investigation, Law & Order: Special Victims Unit en Rizzoli and Isles, it rjochtbankdrama Judging Amy, de fantasytillefyzjesearje Buffy the Vampire Slayer en de dramasearjes Party of Five en Boston Public. Fierders spile se ek yn in protte tillefyzjefilms.

As filmaktrise wie Fuller û.m. te sjen yn 'e spylfilms Askari (2001), Americanese (2006) en Freerunner (2011). Fanôf it twadde seizoen (2012) naam se de fêste rol fan dochter Kristin Baxter yn 'e komeedzjerige Last Man Standing oer fan Alexandra Krosney. Fuller fertolke ek de weromkearende rol fan dokter Morgan Peterson yn fiif ôfleverings fan 'e sikehûssearje Grey's Anatomy (2012), en de weromkearende rol fan Madison "Badison" Murphy yn 'e lêste beide seizoenen fan 'e dramasearje Orange Is the New Black (2018-2019).

Behalven as aktrise wurket Fuller ek as regisseur. Sa fierde se de rezjy oer de produksje yn Los Angeles fan it toanielstik This Is Your Youth, fan toanielskriuwer Kenneth Lonergan. Se makke har debút as tillefyzjeregisseur yn 'e Last Man Standing-ôflevering Garage Band, út it achtste seizoen fan dy searje.

Priveelibben

bewurkje seksje

Amanda Fuller wennet yn Los Angeles en is troud mei in Matthew Bryan Feld. Se makken yn july 2019 bekend dat se harren earste bern ferwachten. Fuller befoel op 19 novimber 2019 fan in sûn jonkje.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1993Tales of the CityLexyminysearje; ôfl. 1.4
1995Charlie GraceJordangastrol; ôfl. Bring Me the Head of Darnell Sims
1995Deadly WhispersCrystal Actontillefyzjefilm
1996The Making of a Hollywood MadamBrittanytillefyzjefilm
1997The Tom ShowKatiegastrol; ôfl. Bad Publicity
1997Don King: Only in Americateenagefamke #2tillefyzjefilm
1998L.A. DoctorsCourtney Wilkesgastrol; ôfl. What About Bob?
1998Walker, Texas RangerKatiegastrol; ôfl. Code of the West
1998Carson's Vertical SuburbiaRacelletillefyzjefilm
1998Party of FiveHolliegastrol; ôfl. Naming Names
1998Real StoryMallorytillefyzjefilm
1998Safety Patrolfamke yn gongtillefyzjefilm
1998That '70s ShowTina Pinciottigastrol; ôfl. Eric's Burger Job
1999One World Megangastrol; ôfl. Tough Love
1999Two of a KindCourtney Collinsgastrol; ôfl. Kevin Burke's Day Off
1999The PracticeJuliegastrol; ôfl. A Day in the Life
2000Malcolm in the MiddleAprilgastrol; ôfl. Water Park
2000Children of FortuneErica Passengertillefyzjefilm
2001Touched by an AngelLucy Bakergastrol; ôfl. Bringer of Light
2001First YearsCamigastrol; ôfl. And Then You Die
2001Anatomy of a Hate CrimeKristen Pricetillefyzjefilm
20028 Simple RulesLindsaygastrol; ôfl. Cheerleader
2002The DivisionSummer Landersgastrol; ôfl. Welcome Home
2003Judging AmyShannon Ellnergastrol; ôfl. Tricks of the Trade
2003DragnetEmily Ambrosegastrol; ôfl. Daddy's Girl
2003Boston PublicMarie Watsongastrol; ôfl. Chapter Sixty-Seven
2003Buffy the Vampire SlayerEvegastrol; ôfl. Showtime
2004NCISJen Shieldsgastrol; ôfl. Terminal Leave
20047th HeavenLeannegastrol; ôfl. Bad Boys, Bad Boys, Whatcha Gonna Do
2004Strong MedicineTallygastrol; ôfl. Prophylactic Measures
2004SummerlandTracygastrol; ôfl. Pilot
2004Without a TraceJessica Raab / Rebecca / Angie Novellgastrol; ôfl. Risen
2005Conviction?tillefyzjefilm
2005–2006ThresholdKaryn Reynoldsweromkearende rol; 2 ôfl.
2006BonesLori Muellergastrol; ôfl. The Headless Witch in the Woods
2006Independent LensTisadokumintêresearje; gastrol; ôfl. My Life... Disoriented
2006CSICara Daygastrol; ôfl. Toe Tags
2007Women's Murder ClubBeth Williamsgastrol; ôfl. Maybe Baby
2007Close to HomeSally O'Neilgastrol; ôfl. Making Amends
2007Primal DoubtClaire Harpertillefyzjefilm
2009LifeAnn Earleyweromkearende rol; 2 ôfl.
2010Law & Order: Special Victims UnitEmma Brooksgastrol; ôfl. Wet
2011Rizzoli & IslesNancy Lanfordgastrol; ôfl. He Ain't Heavy, He's My Brother
2012Grey's Anatomydokter Morgan Petersonweromkearende rol; 5 ôfl.
2012ScandalCarly Westongastrol; ôfl. Crash and Burn
2012–2021Last Man StandingKristin Baxterfêste rol; 170 ôfl.; ek regisseur fan 2 ôfl.
2018–2019Orange Is the New BlackMadison "Badison" Murphyweromkearende rol yn seizoen 6 en 7
films
1997’Til There Was YouDebbie (13 jier)
1998Whatever It TakesApril
1999The Incredible GenieEmily
2001AskariEmma Crawshay
2003The FailuresSally
2004Death, Can I Buy You a Drink?Cricket Kingkoarte film
2006AmericaneseHolly
2007KushSandra
2009Mr. SadmanAnna
2010HopelessMichellekoarte film
2010Red White & BlueErica
2011Other People's LivesAlexis
2011FreerunnerDolores
2011CreatureBeth
2012Beverly Hills Chihuahua 3: Viva la Fiesta!wurknimster kueroarddirekt-op-fideo útbrocht
2012The Haun Solo Project: AddictedSparklekoarte film; direkt-op-fideo útbrocht
2013The BaristaAudreykoarte film
2013Cheap ThrillsAudret
2014NanobloodLisakoarte film
2014The Brittany Murphy StoryBrittany Murphy
2014Starry EyesTracy
2016FashionistaApril
2018All The Creatures Were StirringLinda
fideospultsjes
1996Frankenstein: Through the Eyes of the Monster  Gabrielle

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.