Annapolis (Marylân)

Annapolis is de haadstêd fan Marylân, in steat oan de eastkust fan de Feriene Steaten fan Amearika, en ek it haadplak fan Anne Arundel County. De stêd hie yn 2000 35.838 ynwenners en is part fan in gruttere stedekloft, mei Baltimore en Washington D.C..

Annapolis
Kapitoal fan Maryland
Kapitoal fan Maryland
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatMarylân
CountyAnne Arundel
Sifers
Ynwennertal38.394↑ (2010)
Oerflak19,7 km²
Befolkingsticht.1948,9 / km²
Hichte12 m
Oar
Stifting1649
TiidsôneEST (UTC-5)
SimmertiidEDT (UTC-4)
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjele webside Annapolis
Lizzing Anne Arundel County mei Annapolis yn Marylân

De stêd waard ûnder de namme Providence yn 1649 stifte troch puriteinen út Firginia. De naam waard 1694 feroare yn Annapolis, ferneamd nei Anne fan Grut-Brittanje. Fan 26 novimber 1783 oant 3 juny 1784 wie Annapolis de sit fan it Amerikaansk Kongres en op 14 jannewaris 1784 waard de Frede fan Parys dêr ratifisearre, sadat de stêd de earste haadstêd fan de FS yn fredestiid waard.

De Marine-akademy fan de Feriene Steaten (United States Naval Academy) is yn Annapolis festige.

Berne yn Annapolis

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje