De Mars (De Blesse)

De Mars is in nôtmole en ryksmonumint yn De Blesse.

De Mars (De Blesse)
mûne / mole
lokaasje
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
plakDe Blesse
adresStienwikerdyk 48
koördinaten52° 50' N 6° 02' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjenôtmûne
flecht18,20 meter
boujier1834; werbou 1997
oare ynformaasje
eignergem. Weststellingwerf
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer527616
Kaart
De Mars (Fryslân)
De Mars

De achtkante boppekruier waard yn 1834 boud foar de famylje Schlecht. Yn 1916 ferkocht in neisiet út dy famylje de mole oan in koöperaasje mar Schlecht bleau ynearsten noch mûnder.

Nei 1919 waard in elektromotor as oanfolling op de oandriuwing troch wyn ynstalearre. Yn 1925 briek in roede en 1927 waard it âlde mealwurk ferwidere en it wjukkekrús derôf helle. Yn 1958 waard ek it achtkant sloopt, wylst de ûnderbou jimmeroan mear ynsletten waard troch bedriuwsgebouwen.

Nei ferkeap fan de mole oan in partikulier yn 1985 ûntstiene der plannen foar werbou, dy't yn 1997 útein sette en yn 1999 foltôge wie. Foar de weropbou waard it achtkant brûkt fan de eardere poldermûne fan Swarte Harne. De mole is ferneamd nei de eigener.

Frijwillige mûnders litte de mole geregeldwei draaie.

Beskriuwing

bewurkje seksje

It wjukkekrús hat roeden mei in flecht fan 18,20 meter. De wjukken hawwe âldhollânsk stekwurk mei seilen. De ynrjochting bestiet út ien koppel mealstienen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Mars, De Blesse fan Wikimedia Commons.