De Puollen (mole)

De Puollen is in nei in eardere delsetting ferneamde poldermole, ûngefear in kilometer eastlik fan it doarp Dronryp yn de gemeente Waadhoeke. It is in ryksmonumint.

De Puollen (mole)
mûne / mole
De Puollen yn 2018
De Puollen yn 2018
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Dronryp
adresPuoldyk 69
koördinaten53° 11' N 5° 40' E
bysûnderheden
type mûnemuonts
funksjePoldermûne
oarspr. gebrûkBemeallen fan de Eastpolder
flecht19,14-19,20 meter
boujier1850 (rûzing)
oare ynformaasje
eignerStifting Moles Menameradiel
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer286151
Webside
Stifting Moles Menameradiel
Kaart
De Puollen (Fryslân)
De Puollen

De Puollen is in houten, reiddutsen achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren en in flecht fan likernôch 19,10 m.

De mole is in grutte muonts, dy't yn 1850 boud waard foar it bemeallen fan de 365 ha grutte 'Easterpolder', dy't tsjintwurdich diel útmakket fan de polder 'De Puollen'.

Lange tiid stie de mole der ferfallen by, mar yn 1984/1985 waard de mole restaurearre. De Puollen is net mear oansluten op de Fryske boezem, mar wol mealree yn sirkwy. De wipstôk fan de mole is oan it útein fersierd mei in ienhoarn.

It moondershûs is noch oanwêzich. De mole is eigendom fan de Stifting Moles yn Menameradiel en kin besichtige wurde as hy draait.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: