Earste Keamer fan de Steaten-Generaal

De Earste Kamer is ien fan de twa parten fan de Steaten-Generaal. De Earste Keamer is fral dwaande mei de technyske kanten fan wetsûntwerpen: past de wet yn de gearhing mei oare wetten en is de wet deeglik. De Keamer hat ien sittingsdei yn 'e wike en hat 75 sitten.

Algemiene Beskôgingen 2014 yn de Earste Keamer

De Earste Keamer kin in wetsûntwerp goed- as ôfkarre, de ryksbegrutting goed- as ôfkarre, in debat mei in minister oanfreegje en in parlemintêre enkête hâlde. In lid fan de Earste Keamer kin ek noch de minister oanskriuwe mei fragen.

Ferkiezings

bewurkje seksje

De Earste Keamer wurdt keazen troch alle Provinsjale Steaten, binnen trije moannen nei de ferkiezings dêrfan.Dat kiezen fan de Earste Keamer giet mei woegen stimmen: foar alle provinsjes wurdt útrekkene hoefolle ynwenners in lid fan dy Provinsjale Steaten nei ferhâlding fertsjinwurdiget.

De Keamer is yn 1815 ynsteld, trochdat de Steaten-Generaal opsplitst waard yn twa keamers. Oarspronklik waarden alle lidden beneamd troch de kening, mar sûnt 1848 wurde hja keazen troch de Provinsjale Steaten. Oant 1956 hie de Keamer 50 sitten. Oant 1983 wie de sittingstiid foar in lid seis jier, wêrby alle trije jier de helte fan de Keamer op 'e nij keazen waard.

De senatoaren kieze foar de doer fan in sittingsperioade in foarsitter út har fermidden. De foarsitter fan de Earste Keamer is ek de foarsitter fan de Verenigde Vergadering fan de beide Keamers fan Steaten-Generaal. Yn dy funksje sit de Earste Keamerfoarsitter ûnder oare de plechtichheden op Prinsjesdag foar.
Fan 2 july 2013 oant 11 juny 2019 siet VVD'er Ankie Broekers-Knol de Earste Keamer foar. Sy folge Fred de Graaf op dy't ôfgie neidat opskuor ûntstien wie by it útoefenjen fan syn taak as foarsitter fan de Feriene Gearkomste by de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander yn april 2013. Op 2 july 2019 keas de Earste Keamer Jan Anthonie Bruijn (VVD) as har foarsitter.

Gearstalling

bewurkje seksje

Gearstalling 2023-2027:[1]

██ Koälysjepartij

Politike partijSittenFraksjefoarsitter [2]Opmerkings
BoerBoargerBeweging (BBB)16Ilona Lagas
GrienLinks (GL) - Partij fan de Arbeid (PvdA)14Paul Rosenmöller
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD)10Edith Schippers
Kristen Demokratysk Appèl (CDA)6Theo Bovens
Demokraten 66 (D66)5Paul van Meenen
Partij foar de Frijheid (PVV)4Marjolein Faber
Partij foar de Dieren (PvdD)3Niko Koffeman
Sosjalistyske Partij (SP)3Rik Janssen
KristenUny (CU)3Tineke Huizinga
JA213Annabel Nanninga
Steatkundich Grifformearde Partij (SGP)2Peter Schalk
Foarum foar Demokrasy (FVD)2Johan Dessing
Volt Nederlân (Volt)2Gaby Perin
50PLUS (50+)1Martin van Rooijen
Unôfhinklike Polityk Nederlân (OPNL)1Auke van der Goot
Totaal75
Totaal koälysjepartijen24

Ferkiezingsresultaten

bewurkje seksje

Ferkiezings fan de Earste Keamer sûnt 1991:[3]

Politike partijOfkoartingSitten 2023Sitten 2019Sitten 2015Sitten 2011Sitten 2007Sitten 2003Sitten 1999Sitten 1995Sitten 1991
BoerBoargerBewegingBBB16
GrienLinksGL14 ¹84545844
Partij fan de ArbeidPvdA14 ¹68141419151416
Folkspartij foar Frijheid en DemokrasyVVD101213161415192312
Kristen Demokratysk AppèlCDA6912112123201927
Demokraten 66D6657105234712
Partij foar de FrijheidPVV45910
Partij foar de DierenPvdD33211
Sosjalistyske PartijSP349812421
KristenUny ²CU343242422
Rjocht Antwurd 21JA213
Steatkundich Grifformearde PartijSGP222122222
Foarum foar DemokrasyFVD212
Volt NederlânVolt2
50PLUS50+1221
Ûnôfhinklike Polityk Nederlân / Ûnôfhinklike SenaatsfraksjeOPNL / OSF11111111
List Pim FortuynLPF1
Algemiene Aldere FerbûnAOV2
Totaal757575757575757575

¹ 2023: GL + PvdA = 14 sitten

² 1991-1999: GPV + RPF

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Samenstelling nieuwe Eerste Kamer 2023 - totaaloverzicht, Parlement.com
  2. Fractievoorzitter Eerste Kamer, Parlement.com
  3. Eerste Kamerverkiezingen 1983-2023, Parlement.com