Falaise is in gemeente yn it suden fan it Frânske departemint Calvados yn de regio Normandje. It plak makket diel út fan it arrondissemint Caen. Oant 2015 wie Falaise ferdield yn de kantons Falaise-Nord en Falaise-Sud.

Falaise
FlaggeWapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Normandje
Departemint Calvados
Sifers
Ynwennertal8.086 (2018)
Oerflak11,84 km²
Befolkingstichtens683 / km²
Stêdekloft10.760 (2016)
Hichte89-188 m
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Koördinaten48° 53' 32" N 0° 11' 36" E
WebsideSide fan Falaise

Hartoch Willem fan Normandje (Willem de Oermasterer) residearre op de foargonger fan it hjoeddeiske kastiel fan Falaise. Nei't er yn 1066 Ingelân oermastere bleau er dêr as kening fan Ingelân. De histoaryske binnenstêd hat in grut part fan de midsiuwske fortifikaasjes bewarre.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard der om Falaise hinne fûleindich fochten tusken de op de Normandyske strannen lanne alliearden en de Dútske besetters. By de slach waarden twa Dútske legers ynsletten en ferneatige. By de slach waarden grutte dielen fan de stêd skeind. Nei de kriich waard Falaise wer opboud.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier19621968197519821990199920062016
Ynwenners63257180836885978119843484388214
Boarnen: Cassini en INSEE

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Église Saint-Gervais (oarspronklik romaanske tsjerke, bou sûnt 1066)
  • Église Saint-Laurent, Chemin de Vaston: (11e-iuwsk)
  • Église Notre-Dame de Guibray (bou sûnt de 12e iuw, oargel fan Claude Parisot), Place de la Reine-Mathilde
  • Église de la Trinité , Place Guillaume-le-Conquérant
  • Monumint Willem de Oermasterer, Place Guillaume-le-Conquérant
  • Fortifikaasjes
  • Kastiel fan Falaise (12e-13e iuw)
  • Château de la Fresnaye, 48 rue Clemenceau (17e-18e iuw)
  • Memorial des Civils dans La Guerre, 12 Place Guillaume le Conquérant (histoarysk museum)
  • Museum André Lemaitre, Boulevard de la Libération (keunstmuseum)

Keppeling om utens

bewurkje seksje