Golf fan Aden

De Golf van Aden (Arabysk: خليج عدن, útspraak: Khalyj 'Adan) is in part fan de Yndyske Oseaan en leit tusken it Arabyske Jemen oan de noardside en de Afrikaanske lannen Dzjibûty en Somaalje oan de súdside.

Golf fan Aden
geografy
type wetterrânesee
lokaasjetusken it Arabysk Skiereilân
   en de Hoarn fan Afrika
lân Dzjibûty
Jemen
Somaalje
Somalylân (net erkend)
koördinaten12° N, 48° E
ûnderdiel fanYndyske Oseaan
sifers
maks. lingte1.480 km
maks. breedte480 km
oerflak410.000 km²
djiptegemiddelde500 m
djipste punt2.700 m

It is in wichtich trochfiergebiet om't sy yn de rin leit fan de Reade See en it Suezkanaal. It foarmet de ferbining tusken dizze twa en de Yndyske Oseaan.

Wichtige havenstêden oan de Golf binne de lyknammige stêd Dzjibûty yn Dzjibûty, Bosaso en Berbera yn Somaalje, en Aden yn Jemen. Oan Aden tankt de see har namme.

Piraterij komt in protte foar yn de Golf en hat te krijen trochdat guon fan de kustlannen net stabyl binne. Ek terroristyske oanfallen, bygelyks troch fûnemintalityske moslims hawwe hjir foarfallen.

De Golf fan Aden is in relatyf jonge wettermassa, it hat in unike biodifersiteit mei in grut ferskaat oan fisk, koraal, seefûgels (algemien) en net-wringedieren. Der is net in soad fersmoarging fan minsklike warberens yn it gebiet, wêrfan it libben yn de see goed profitearre hat. Mar miljeu-organisaasje binne benaud dat dit ferdwinen giet omdat der gjin koördinearre besikings dien wurde om de sitewaasje sa te hâlden.