Klier
De klier is by libbene wêzens in orgaan dat ta doel hat om it beskate stoffen te produsearjen of te transportearjen.
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/51/Illu_quiz_hn_02.jpg/150px-Illu_quiz_hn_02.jpg)
Men ûnderskiedt ferskate soarten klieren:
- Endokrine klieren of klieren mei ynterne sekreesje, dy't de produsearre of transportearre stof streekrjocht ôfjouwe oan it bloed of oan oare organen. Foarbylden fan dit soarte klieren binne de hypofyse, de skyldklier en de bynieren.
- Eksokrine klieren of klieren mei eksterne sekreesje, dy't de produsearre of transportearre stof ôfjouwe fia de hûd of yn in lichemsholte lykas de mûle.
- Ekkrine klieren, dy't stoffen ôfskiede wêrby't de kliersel hiel bliuwt, lykas de flibeklieren, de trienklieren en de lytse switklieren yn 'e hûd.
- Apokrine klieren, dy't stoffen ôfskiede wêrby't in diel fan 'e kliersel mei ôfskaat wurdt, lykas de grutte switklieren yn 'e earmsholte, de molkklieren en de earfetklieren.
- Holokrine klieren, dy't stoffen ôfskiede wêrby't de hiele sel ferlern giet, lykas de talkklieren.
- Endo-eksokrine klieren, dy't in tuskenfoarm binne fan endokrine en eksokrine klieren. Foarbylden binne de alfleisklier en de geslachtsklieren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
🔥 Top keywords: HaadsideCarles PuigdemontLuna SilverWiki:Koartlyn feroareTwadde WrâldkriichWikipedyWiki:SykjeHarmony WonderPornofilmWikipedy:Wat is Wiki HowWikipedy:HelpFryskIngelheim am RheinGeslachtsmienskipWikipedy:MienskipWikipedy:OerlissideShalina DevineFingerjenSekshâldingVina SkyMasturbaasjeGNU/FDLUEFA Euro 2024Rae Lil BlackNeakenensJ. MacWiskundeFormule 1Sensual JaneSasha BeartSaaltsjerke (Ingelheim)Austraalje (lân)Wikipedy:FoarbehâldAlgebraPierre de FermatFeriene SteatenMinsklike seksuele aktiviteitOmgong fan Frankryk 2024Ostrhauderfehn