Krúswei

De Krúswei (Latynsk: Via crucis of Via dolorosa) is in rige fan foarstellings, dy't de lijenswei fan Jezus fan ôf de feroardieling troch Pontius Pilatus oant de grêflizzing útbyldzje. In foarstelling wurdt in staasje neamd, dat is ôflaat fan it Latynske wurd statio dat "stilstean" betsjut , Meiïnoar binne der fjirtjin staasjes en somtiden is der in fyftjinde staasje tafoege om't it mei Kristus net einiget mei de dea mar mei de opstanning.

In staasje yn Cheb, Tsjechje (Loretokapel Starý Hrozňatov)

In krúswei is altiten te finen yn katolike tsjerken. It plak en de foarm fan in krúswei ken in grutte fariaasje, mar meastentiids binne de staasjes yn de foarm fan skilderijen of reliëfs oan de muorren of pylders oanbrocht. Yn katolike streken binne ek faak krúswegen op in tsjerkhôf te finen of op spesjale plakken, dy't dan yn in searje fan kapellen yn in lânskip liede nei in krúskapel.

It ûntstean fan de krúswei datearret fan de 15e en 16e iuw, doe't Fransiskaanske muontsen rigen fan foarstellings út it Hillige Lân yn Jeropa begûnen nei te bouwen. Oarspronklik wie der gjin uniformiteit yn de krúswei, guon krúswegen bestiene bygelyks út sân staasjes, oare krúswegen út wol tritich. Sa'n staasje waard dan ûnderbrocht yn in lyts bouwurkje op 'e wei nei in tsjerke. Paus Klemens XII stelde it tal staasjes fêst op fjirtjin en tidens syn pontifaat waard in krúswei yn alle katolike tsjerken ferplicht.

Op Goed Freed, tidens it fêstjen, wurdt yn tsjerken de krúswei bidden. YHn in prosesje geane leauwenden by de ferskate foarstellings lâns om te sjongen of te bidden. By elts fan de fjirtjin foarstellings wurdt stilstien om it lijen fan Kristus te betinken. De krúswei kin ek yndividueel yn stil gebed belibbe wurde.

Krúswei fan de Bonifatiustsjerke, Ljouwert

bewurkje seksje
Staasje IJezus wurdt ta de dea feroardiele.Mattéus 27:1, Markus 15:15, Lukas 23:25, Jehannes 19:16
Staasje IIJezus nimt it krús op.Jehannes 19:17
Staasje IIIJezus falt foar de earste kearBibelske ferwizing ûntbrekt
Staasje IVJezus moetet Syn hillige MemMarkus 15:40, Jehannes 19:25
Staasje VSimon fan Syrene helpt Jezus it krús dragenMattéus 27:32, Markus 15:21, Lukas 23:26
Staasje VIVeronika drûget Jezus it antlit ôfBibelske ferwizing ûntbrekt
Staasje VIIJezus falt foar de twadde kearBibelske ferwizing ûntbrekt
Staasje VIIIJezus treast de skriemende frouljuLukas 23:28-31
Staasje IXJezus falt foar de tredde kearGjin bibelske ferwizing
Staasje XJezus wurdt Syn klaaiïng ôfnommenMattéus 27:35, Markus 15:24, Lukas 23:34, Jehannes 19:23-24, Psalm 22:18-29 (Romeinske soldaten dobbelen om de klean)
Staasje XIJezus wurdt oan it krús sleinMarkus 15:24, Lukas 23:33, Jehannes 19:18
Staasje XIIJezus stjert oan it krúsMattéus 27:50, Markus 15:37, Lukas 23:46, Jehannes 19:30
Staasje XIIIJezus wurdt fan it krús ôfnommenLukas 23:53, Jehannes 19:38
Staasje XIVJezus wurdt yn it grêf leinMattéus 27:59-60, Markus 15:46, Lukas 23:53, Jehannes 19:42
Staasje XVFerrizenis fan KristusMattéus 28:5-6, Markus 16:6, Lukas 24:6-7, Markus 16:6, 1 Tessalonikenzen 4:14, 1 Petrus 1:3, 1 Petrus 3:21, 1 Korintiërs 15:21, 1 Korintiërs 15:3-4, 2 Korintiërs 5:14-15, Romeinen 6:5-6, Filippenzen 3:10,

|}