Nikolaj Strûnnikov

Nikolaj Vasiljevitsj Strûnnikov (Sknjatino, 16 desimber 1886 - Moskou, 12 jannewaris 1940) wie in Russysk reedrider.

Nikolaj Strûnnikov
sporter
Nikolaj Stroennikov
Nikolaj Stroennikov
persoanlike bysûnderheden
echte nammeNikolaj Vasiljevitsj Strûnnikov
nasjonaliteit Russysk
bertedatum16 desimber 1886
berteplakSknjatino
stjerdatum12 jannewaris 1940
stjerplakMoskou
sportive ynformaasje
sportReedriden
ûnderdielLangebaan
debút1906
karriêre-ein1911
wichtige prestaasjes
2x goud WK Allround 1910, 1911

Nikolaj Strûnnikov wûn yn 1910 sawol it EK allround as it WK allround. Yn beide kampioenskippen fersloech er de Noarske reedrider Oscar Mathisen. It jier dêrnei prolongearre Strûnnikov beide toernoaien, mar no sûnder tsjinstân fan Mathisen.

Yn 1911 ferbettere Strûnnikov ek it wrâldrekôr fan de Nederlânske reedrider Jaap Eden op de 5 km út 1894. De Rus ried in race oer 5 km bûten konkurrinsje by in lannewedstriid fan Sweden en Noarwegen. De tiid 8.37,2 waard dertroch pas yn 1967 troch de ISU (Ynternasjonale Reedryd-uny) erkend as offisjeel rekôr.

Nasjonaal wûn er de allround kampioenskippen yn doe noch it Keizerryk Ruslân yn 1908, 1909 en 1910. Strûnnikov einige yn 1906 en 1907 op it twadde plak.

Nei syn reedrydkarriêre bleau Strûnnikov aktyf as sporter ûnder oare yn it hurdfytsen. Fan 1920 ôf wie er ek aktyf as trainer en bleau trainer oant syn ferstjerren. Nikolaj Strûnnikov ferstoar op 12 jannewaris 1940, yn 'e aldens fan 53 jier.

Persoanlike rekords

bewurkje seksje
OfstânTiidDatumBaan
500 meter45,111 febrewaris 1911 Gamle Frogner Stadion, Oslo
1000 meter1.38,07 jannewaris 1911 Moskou
1500 meter2.23,812 febrewaris 1911 Gamle Frogner Stadion, Oslo
5 km8.37,24 febrewaris 1911 Gamle Frogner Stadion, Oslo
10 km17.59,818 febrewaris 1911 Mjøsen, Hamar
jierEK
Allround
WK
Allround
1910
1911

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN