Oarenburch (oblast)

De oblast Oarenburch (Russysk: Оренбургская область, Orenboergskaja oblast) is in oblast yn Ruslân. Haadstêd fan de oblast is de stêd Oarenburch.

Oarenburch oblast
Оренбургская область
flaggewapen
polityk
soarte gebietoblast
lân Ruslân
federaal distriktWolga
ekonomyske regioOeral
haadplakOarenburch
grutste plakOarenburch
taalRussysk
Etnyske groepenRussen 75,9 %
Tataren 7,6%
Kazakken 6,0% (Stân 2010)
sifers
ynwennertal1.924.578 (2022)
oerflak123.702 km²
befolkingstichtens15,56 ynw./km²
oar
stifting7 desimber 1934
tiidsôneUTC+5, MSK+2
koördinaten52° 08' N 55° 36' E
websidewww.orb.ru
Karakteristyk lânskip fan de oblast (rajon Perevolotsk)

It gebiet is 123.702 km² grut en dêrmei stiet de oblast op it 29e plak yn Ruslân wat grutte oanbelanget. De oblast leit yn it suden fan de federaasje en foar in part yn Europa en in part yn Aazje. De oblast leit oan de súdeastlike râne fan de East-Europeeske flakte en oan de súdlike punt fan de Oeral. Fan west nei east is de oblast 760 km en fan noard nei súd 445 km.

Yn it suden fan it gebiet rint de lânsgrins mei Kazachstan. Fierder grinzget de oblast oan de oblasten Samara yn it westen en Tsjeljabinsk yn it easten. Yn it noarden grinzget it gebiet oan de autonome republyk Basjkortostan en der is in koarte mienskiplike grins mei de autonome republyk Tatarstan.

It klimaat van de oblast hat in sterk kontinentaal karakter.

De belangrykste rivier is de Oeral.

Histoarysk sjoen gyng de oblast foarôf troch it gûvernemint Oarenburch, dat by dekreet fan keizerin Elizaveta Petrovna yn 1744 oprjochte waard. De oblast waard op 7 desimber 1934 troch in beslút fan it presidium fan de Boppeste Sovjet fan de USSR foarme troch it te skieden fan it Midden-Wolga-gebiet. Fan 1938 oant 1957 droech de oblast de namme Tsjkalov, nei de piloat Valeri Pavlovitsj Tsjkalov.

De befolking fan de oblast bestiet foar it measte út Russen. Njonken Russen binne der gruttere minderheden fan Tataren en Kazachen en lytsere minderheden fan Oekraïeners, Basjkieren, Mordwinen en Russyske Dútsers. De Dútsers wennen benammen yn it grinsgebiet mei Kazachstan om Sol-Iletsk hinne. in soad Dútsers binne lykwols emigrearre nei Dútslân.

Belangrike ekonomyske aktiviteiten yn de oblast binne de winning fan oalje en gas en de raffinaazje fan oalje.

Bestjoerlike yndieling en stêden

bewurkje seksje

De oblast is ûnderferdield yn 35 rajon's en 9 stedsdistrikten. It stedsdistrikt Komarovski is in saneamde sletten stêd (ZATO). Meiïnoar hat de oblast tolve stêden, dêrûnder ek de haadstêd Oarenburch. Oare grutte stêden binne Orsk, Novotroisk, Bûsûlûk en Bûgûrûslan en Komarovski.

Regearingsgebou yn Oarenburch
Gorki-teäter fan Oarenburch
Gruttere plakken
Stêd / Delsetting mei stedsk karakter*RussyskRajon/stedsdistriktYnwennertalWapenLokaasje
AbdûlinoАбдулиноAbdûlino18.420 (2021) 53° 41' N 53° 39' E
BûgûrûslanБугурусланstedsdistrikt47.714 (2021) 53° 37' N 52° 25' E
BûzulûkБузулукstedsdistrikt86.042 (2021) 52° 46' N 52° 16' E
GaiГайstedsdistrikt33.564 (2021) 51° 28' N 58° 27' E
JasnyЯсныйJasny15.092 (2021) 51° 02' N 59° 52' E
Komarovski*Комаровскийstedsdistrikt (ZATO)7.162 (2021) 51° 02' N 59° 52' E
KûvandykКувандыкKuwandyk23.225 (2022) 51° 29' N 57° 21' E
MednogorskМедногорскstedsdistrikt24.321 (2022) 51° 25' N 57° 35' E
NovotroitskНовотроицкstedsdistrikt82.463 (2021) 51° 12' N 58° 19' E
OarenburchОренбургstedsdistrikt572.308 (2022) 51° 46' N 55° 06' E
OrskОрскstedsdistrikt224.814 (2021) 51° 12' N 58° 37' E
Sol-IlezkСоль-ИлецкSol-Ilezk26.655 (2021) 51° 10' N 54° 59' E
SorotjinskСорочинскstedsdistrikt26.980 (2021) 52° 26' N 53° 09' E
  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 11 augustus 2022

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier1897192819391959197019791992200220092022
Ynwenners1.600.145813.1001.675.0001.829.4812.049.9762.088.5532.168.2572.179.5512.111.5311.924.578

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 12 augustus 2022

 
Dielgebieten fan Ruslân

RepublykAdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
KrajAltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
Autonoom distriktChanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne