Olympysk fjoer

It Olympysk fjoer is it fjoer wat ûnder de Olympyske Spullen ûntstutsen wurdt.

Reek en fjoer

bewurkje seksje

By de klassyke Spullen waard foar de tempel fan Seus yn Olympia in de reek fan offers baarne holden troch gâns de spullen.

By de Spullen fan Amsterdam yn 1928 waard in toer fan 42,195 meter boud, de hichte yn meters fan de langte yn kilometers fan Maraton. Op dizze Maratontoer kaam in sokkel. Oan de ein fan de Iepenings-searemoanje waard dêr't de reek yn ûntstutsen. Dat reek, as de offers fan âld, waard brânend holden troch gâns de Spullen. Oerdeis koe Amsterdam de reek baarne sjen, en nachts seach men in olympysk fjoer.

Dat fjoer wie sa'n sukses dat soks ek dien waard by de Olympyske Spullen fan Los Angeles yn 1932.

By de Olympyske Spullen fan Berlyn yn 1936, waard de earste kear it fjoer ûntstutsen yn Grikelân, en dan yn in stêf-rin nei Berlyn brocht. Dy searemoanje waard dêrnei alle fjouwer jierren dien. Mar mei de Twadde Wrâldkriich wie de earste kear dernei de Spullen fan London 1948.

Oanstekkers

bewurkje seksje

Ornaris wurdt foar de lêste drager fan de flam, dy't dêrmei it fjoer ûnstekt, in ferneamde atleet útsocht. In de rin fan de tiid hawwe de neikommende minsken it fjoer oanstutsen:

LokaasjeEvenemintOanstekkers
Amsterdam1928nei sizzen troch in immen fan GEB Amsterdam
Los Angeles1932bûten it sicht.
Berlyn1936Fritz Schilgen
Net hâlden1940
Net hâlden1944
Londen1948John Marc
Helsinki1952Hannes Kolehmainen & Paavo Nurmi
Melbourne1956Ron Clarke
Rome1960Giancarlo Peris
Tokio1964Yoshinori Sakaï
Meksiko-Stêd1968Norma Enriqueta Basilio de Sotelo
München1972Günter Zahn
Montreal1976Sandra Henderson & Stéphane Préfontaine
Moskou1980Sergej Belov
Los Angeles1984Rafer Johnson
Seoel1988Chung Sun-Man, Kim Won-Tak, Sohn Mi-Chung
Barcelona1992Antonio Rebello (troch der in baarnende pylk hinne te stjoeren)
Atlanta1996Muhammad Ali
Sydney2000Cathy Freeman
Atene2004Nikolaos Kaklamanakis
Peking2008Li Ning
Londen20127 jonge sporters (Callum Airlie, Jordan Duckitt, Desiree Henry, Katie Kirk, Cameron MacRitchie, Aidan Reynolds, Adelle Tracey)
Rio de Janeiro2016Vanderlei de Lima
Tokio2021*Naomi Osaka

* Dizze Spullen hienen yn 2020 wêze sillen, mar mei kroana, waard it in jier letter.