Star Trek: Deep Space Nine

Star Trek: Deep Space Nine, soms ôfkoarte ta Star Trek: DS9 of koartwei DS9, wie in súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't 7 seizoenen rûn, fan 1993 oant 1999, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd is. De titel betsjut: "Stjerretocht: Djip yn 'e Romte-Njoggen", en ferwiist nei de namme fan in grut romtestasjon. It wie de trêde live actionsearje út 'e Star Trek-franchise nei Star Trek: The Original Series út 'e 1960-er jierren en Star Trek: The Next Generation út 'e 1980-er jierren. It wie in science fiction-tillefyzjesearje dy't yn 'e fjouwerentweintichste iuw spile, en folge de bemanning en besikers fan it romtestasjon Deep Space Nine by harren ûnderfinings en aventoeren. Hoewol net sa populêr by de fans as The Next Generation, waard de searje goed ûntfongen troch de kritisy en wûn er fjouwer Emmy Awards.

Star Trek: Deep Space Nine
tillefyzjesearje
makkers
betocht trochRick Berman
Michael Piller
produsintMichael Piller (1993-1995)
Ira Steven Behr (1995-1999)
útfierend
   produsint
Rick Berman
tillefyzjestudioParamount Domestic TV
spilers
haadrollenAvery Brooks
Terry Farrell (seiz. 1-6)
René Auberjonois
Colm Meaney
Michael Dorn (seiz. 4-7)
Nana Visitor
Armin Shimerman
Cirroc Lofton
Alexander Siddig
Nicole de Boer (seiz. 7)
skaaimerken
sjenrescience fiction
seizoenen7
jierren19931999
tal ôfl.176
spyltiid (ôfl.)45 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taalIngelsk
prizen4 x Emmy Award
websidewww.startrek.com/.../star-trek-deep-space-nine
besibbe searjesThe Original Series
The Next Generation
Voyager
Enterprise
Discovery
Picard
Strange New Worlds

Untstean en produksje

bewurkje seksje

It grutte en oanhâldende súkses fan 'e foargeande tillefyzjesearje út 'e Star Trek-franchise, Star Trek: The Next Generation, wie foar film- en tillefyzjestudio Paramount oanlieding om in spin-off-searje te produsearjen. Paramount-baas Brandon Tartikoff joech dêrta opdracht oan Rick Berman, dy't oan it haad fan 'e hiele Star Trek-produksje stie. Berman en Michael Piller betochten doe Star Trek: Deep Space Nine, in searje dy't yn jannewaris 1993 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje kaam. De direkte lieding oer de nije produksje wie de earste trije seizoenen yn 'e hannen fan Piller, oant dy de searje yn 1995 ferliet om in oare nije Star Trek-rige, Voyager, te produsearjen. Dêrnei naam senarioskriuwer Ira Steven Behr de lieding oer.

Avery Brooks spile de rol fan kaptein Benjamin Sisko yn Star Trek: Deep Space Nine.

Star Trek: Deep Space Nine ûnderskate him fan oare Star Trek-rigen troch syn langere ferhaallinen, dy't har ûntspûnen troch ferskate ôfleverings hinne. Ek wiene der mear karakterkonflikten en religieuze tematyk. Dy eleminten waarden allegear priizge troch de resinsinten, mar it wiene krekt de dingen dêr't Gene Roddenberry (dy't yn 1991 ferstoarn wie) as produsint fan 'e oarspronklike searje en yn Star Trek: The Next Generation it near op lein hie.

Star Trek: Deep Space Nine wie populêr, mar net sa populêr as Star Trek: The Next Generation west hie. Akteur Andrew J. Robinson, dy't in weromkearende rol yn 'e searje hie, wiet dat oan it feit dat Star Trek: Deep Space Nine in minder dúdlike skieding tusken goed en kwea hie, mei personaazjes dy't "griis wiene ynstee fan swart en wyt […]. Hoewol't sokken ynteressanter binne, kinne minsken harren minder goed pleatse." Der waarden 7 seizoenen fan Star Trek: Deep Space Nine makke, mei yn totaal 176 ôfleverings fan 45 minuten (opteld likernôch 126 oeren oan byldmateriaal). De searje waard op 'e Amerikaanske tillefyzje yn syndikaasje útstjoerd. De lêste, dûbellange, ôflevering, What You Leave Behind, kaam op 2 juny 1999 foar it earst op 'e tillefyzje.

Utgongspunt fan 'e plot

bewurkje seksje

De setting fan Star Trek: Deep Space Nine is in mânsk romtestasjon djip yn it hielal, deunby de planeet Bajor. Dat is boud troch de Kardassianen ûnder harren lange en ûnmeilydsume besetting fan Bajor, as in haadkertier dat ûnberikber wêze soe foar it Bajoraanske ferset. Nei't se yn in lange, bloedige guerrilja-oarloch it Kardassiaanske jok ôfsmiten hawwe, nûgje de Bajoranen de Feriene Federaasje fan Planeten út om mei harren it bútmakke romtestasjon te bestjoeren. It stasjon wurdt dan omneamd ta Deep Space Nine, en it kriget in bemanning fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, ûnder lieding fan 'e swarte kaptein-luitenant Benjamin Sisko.

Koart nei syn oankomst ûntdekt Sisko deunby Bajor in stabiel wjirmgat, dat in direkte ferbining foarmet tusken it Alfa Kwadrant en it fiere en ûnferkende Gamma Kwadrant fan 'e Molkewei. It romtestasjon wurdt dan fersleept nei in posysje fuortby de yngong fan dat wjirmgat, sadat it dat bewekje kin. It wjirmgat sels is it wenplak fan machtige, net-korporele bûtenierdske wêzens, dy't troch de Bajoranen fereare wurde as de 'Profeten'. Nei't hy ynsafier bekend as earste libbene wêzen direkt kontakt mei harren hat, wurdt Sisko troch de Bajoranen oantsjutten as de 'gesant fan 'e Profeten'. Hy is yn 't earstoan neat te noflik mei dy rol yn in religy dêr't er sels net yn leaut, mar stadichoan akseptearret er it.

Sisko (Avery Brooks) is in widner dy't syn frou ferlern hat yn 'e striid tsjin 'e Borg yn 'e Slach by Wolf 359 (te sjen yn 'e ôflevering The Best of Both Worlds fan Star Trek: The Next Generation). Hy nimt syn soan Jake (Cirroc Lofton), in teenager, mei nei syn nije post. Ien fan syn neiste ûnderhearrigen is luitenant Jadzia Dax (Terry Farrell). Sy is in Trill, in bûtenierdsk wêzen dat bestiet út in humanoïde en in wjirmeftige symbiont. De (froulike) humanoïde Jadzia is mar sa'n tritich jier, mar de folle langer libjende symbiont Dax hat al sân eardere humanoïde 'gasthearen' hân. De foargeande, Curzon Dax, wie in diplomaat en rokkejager, mar ek in soarte fan mentor foar Sisko (dy't Jadzia Dax dêrom gauris oansprekt mei 'âldman'). Oar wichtich (minsklik) Stjerrefloatpersoniel op Deep Space Nine omfettet dokter Julian Bashir (Alexander Siddig) en sersjant Miles O'Brien (Colm Meaney).

Nana Visitor en René Auberjonois, dy't yn Star Trek: Deep Space Nine de rollen fan Kira Nerys en Odo fertolken.

Oan board fan Deep Space Nine moat Sisko gearwurkje mei majoar Kira Nerys (Nana Visitor), de fertsjintwurdichster fan it regear fan Bajor. Sy is in eardere guerriljastriidster dy't no Sisko syn pleatsferfangster wurdt. It feit dat se djip religieus is, makket har gearwurking mei Sisko dreech, fanwegen syn status as gesant fan 'e Profeten. De hanthavening fan wet en oarder op it romtestasjon is yn 'e hannen fan konstabel Odo (René Auberjonois). Hy is in foarmferoarder, en kin eltse foarm oannimme dy't er wol. Ornaris is dat de foarm fan in manlike humanoïde. Hy is in soarte fan fûnling, dy't troch de Kardassianen ûntdutsen en yn in laboratoarium grutbrocht waard. Hy is strang mar earlik, en nei ôfrin fan 'e Kardassiaanske besetting wie hy de iennichste dy't oan board fan it romtestasjon syn posysje behold. Odo langet dernei om wêzens fan syn eigen soarte werom te finen, mar as dat úteinlik bart, is er skokt om te ûntdekken dat dy mei in izeren fûst oer it Gamma Kwadrant hearskje.

Oan board fan Deep Space Nine is Quark (Armin Shimerman) de útbater fan in populêre kroech. Hy is in Ferengi, en lykas de measte leden fan dat bûtenierdske ras is er ekstreem ynklauwerich. Syn gauris twifelige metoaden om oan mear jild te kommen, bringe him geregeldwei yn oanfarring mei Odo. Sisko beskôget Quark lykwols as in hoekstien fan 'e hannelsmienskip oan board fan it romtestasjon en nimt ferskate kearen stappen om him dêr te hâlden.

Troch de oanwêzigens fan it wjirmgat wurde Bajor en Deep Space Nine fan grut strategysk belang. Al rillegau ûntwikkelet it romtestasjon him ta in mulpunt fan ferkenning, ynterstellêre hannel en politike yntriizjes dy't meitiid útmûnje yn iepen oarloch. Yn 't earstoan komme de bedrigings benammen fan bekende tsjinstanners fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten yn it Alfa Kwadrant: it wrokjende Kardassia, it oarlochssuchtige Klingon-Ryk en it yntrigearjende Romulaanske Stjerreryk. Letter ferskoot de fokus datoangeande nei it Dominion, in machtich ynterstellêr ryk yn it Gamma Kwadrant dat regearre wurdt troch de 'Stifters', in bûtenierdsk ras dan foarmferoarders, dat troch genetyske manipulaasje syn eigen supersoldaten 'kweekt' hat, de Jem'Hadar. As it Dominion yn seizoen 5 troch kollaboraasje fan Kardassia it Alfa Kwadrant binnen wit te kringen, wurdt Deep Space Nine it sintrum fan in oarloch tsjin 'e Federaasje en syn bûnsgenoaten, dêr't meitiid ek it Klingon-Ryk en de Romulanen ta komme te hearren.

Yn seizoen 4 wurdt Worf (Michael Dorn), in Klingon-ofsier fan 'e Stjerrefloat, oerpleatst fan it romteskip de USS Enterprise (dêr't er te sjen west hie yn Star Trek: The Next Generation) nei Deep Space Nine. De reden foar syn oerpleatsing dêrhinne is in koarte oarloch tusken de Federaasje en it Klingon-Ryk, mar nei't de frede wer tekene is, bliuwt Worf op it romtestasjon. Dêr rekket er behelle yn in romantyske relaasje mei Jadzia Dax, dy't útmûnet yn harren houlik. Oan 'e ein fan seizoen 6 wurdt Jadzia Dax lykwols deade troch de Kardassiaan gul Dukat (Marc Alaimo), wêrnei't de symbiont Dax oergiet nei in nije humanoïde gasthear, de jonge en ûnûnderfûne Ezri Dax (Nicole de Boer). Har te bejeftigjen mei in symbiont is in needgreep, mei't se har dêr alhiel net op taret hat. Neitiid hat se swierrichheden om om te gean mei de stoartfloed oan oantinkens fan Dax syn sân eardere gasthearen, Jadzia har leafde foar Worf en har eigen oantrekking ta dokter Bashir.

Rolferdieling

bewurkje seksje
F.l.n.rj.: Marc Alaimo, dy't de gastrol fan gul Dukat spile, mei leden fan 'e fêste cast Armin Shimerman (Quark) en Colm Meaney (Miles O'Brien).
Terry Farrell (Jadzia Dax) yn 2009.
personaazjeakteur/aktrise
kaptein-luitenant Benjamin SiskoAvery Brooks
luitenant Jadzia DaxTerry Farrell (seiz. 1-6)
konstabel OdoRené Auberjonois
sersjant 1e klasse Miles O'BrienColm Meaney
kaptein-luitenant WorfMichael Dorn (seiz. 4-7)
majoar Kira NerysNana Visitor
QuarkArmin Shimerman
Jake SiskoCirroc Lofton
dokter Julian BashirAlexander Siddig*
faandrich Ezri DaxNicole de Boer (seiz. 7)

*) Yn seizoen 1-3 yn 'e begjintitels ûnder syn wiere namme Siddig el Fadil neamd.

Michael Dorn (Worf) yn 2018.
Nicole de Boer yn 2015, mei efter har in poster mei in ôfbylding fan har yn 'e rol fan Ezri Dax.

Weromkearende byrollen

bewurkje seksje

(op folchoarder fan dielname oan ôfleverings)

personaazjeakteur/aktrise
Keiko O'BrienRosalind Chao
Rom (broer fan Quark)Max Grodénchik
Nog (omkesizzer fan Quark)Aron Eisenberg
Elim GarakAndrew J. Robinson
LeetaChase Masterson
gul DukatMarc Alaimo
Kasidy YatesPenny Johnson Jerald
Winn AdamiLouise Fletcher
Lwaxana TroiMajel Barrett
MornMark Allen Shepherd
generaal MartokJ.G. Hertzler
kaptein-luitenant Michael EddingtonKenneth Marshall
gul DamarCasey Biggs
kânselier Gowron fan it Klingon-RykRobert O'Reilly
Bareil AntosPhilip Anglim
Opaka SulanCamille Saviola
Brunt; WeyounJeffrey Combs
Tora ZiyalCyia Batten; Tracy Middendorf; Melanie Smith
froulike liedster fan 'e foarmferoardersSalome Jens
William RossBarry Jenner
Vic FontaineJames Darren
premier Shakaar Edon fan BajorDuncan Regehr
grutnegus Zek fan 'e Ferengi-AlliânsjeWallace Shawn
IshkaAndrea Martin; Cecily Adams
Joseph SiskoBrock Peters
Maihar'duTiny Ron
seizoental ôfl.rûn fanrûn oantnetwurk
1203 jannewaris 199320 juny 1993syndikaasje
22626 septimber 199312 juny 1994
32626 septimber 199419 juny 1995
4262 oktober 199517 juny 1996
52630 septimber 199616 juny 1997
62629 septimber 199717 juny 1998
72630 septimber 19982 juny 1999

Untfangst en resultaat

bewurkje seksje

Star Trek: Deep Space Nine waard tige goed ûntfongen troch de tillefyzjekritisy. Sa omskreau it Amerikaanske blêd TV Guide de rige as "de bêst aktearre, skreaune, produsearre en yn it algemien moaiste Star Trek-searje." Hoewol't it debút fan Star Trek: Deep Space Nine op 'e tillefyzje yn it skaad stie fan it doe noch rinnende, tige populêre Star Trek: The Next Generation, berikte de searje sels ek in oansjenlik nivo fan súkses. Neffens Newswire wie it yn april 1999, tsjin 'e ein fan it lêste seizoen, de bêst besjoene tillefyzjesearje dy't yn 'e Feriene Steaten yn syndikaasje útstjoerd waard foar sjoggers yn 'e leeftydskategoryen 18 oant en mei 49 en 25 oant en mei 54 jier.

Ien fan ôfleverings dy't fan 'e kritisy de measte lof taswaaid krigen, wie In the Pale Moonlight (seiz. 6, ôfl. 19), wêryn't Benjamin Sisko wrakselet mei syn eigen etyske wearden, dy't er kompromitearje moat as de Federaasje in kâns hawwe sil en win de oarloch mei it Dominion. Oare as tige goed beoardiele ôfleverings binne The Visitor (seiz. 4, ôfl. 3), wêryn't in Jake Sisko op jierren wanhopich de ûntidige dea fan syn heit besiket foar te kommen, en Far Beyond the Stars (seiz. 6, ôfl. 13), wêryn't Benjamin Sisko in fizioen ûndergiet fan himsels as skriuwer lijend ûnder rasisme yn it tweintichste-iuwske New York.

Star Trek: Deep Space Nine waard nominearre foar ferskate prizen. Sa wie der elts jier dat de searje op 'e tillefyzje wie, teminsten ien nominaasje foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis. De nominaasjes foelen yn 'e kategoryen bêste fisazjy, bêste kamerarezjy, bêste art direction, bêste special effects, bêste hierstilearring, bêste muzyk en bêste kostúms. De searje wûn yn totaal fjouwer Emmys: foar bêste fisazjy foar de ôfleverings Captive Pursuit (seiz. 1, ôfl. 6) en Distant Voices (seiz. 3, ôfl. 18), foar bêste special effects foar de ôflevering Emissary (seiz. 1, ôfl. 1-2) en foar bêste titelmuzyk (makke troch komponist Dennis McCarthy) foar de hiele searje. Der wiene ek twa nominaasjes foar de Hugo Award yn 'e kategory bêste dramatyske presintaasje, foar The Visitor (seiz. 4, ôfl. 3) en Trials and Tribble-ations (seiz. 5, ôfl. 6).

Babylon 5-kontroverse

bewurkje seksje

Babylon 5 wie in oare Amerikaanske science fiction-tillefyzjesearje dy't op in grut romtestasjon spile, mei in fierhinne gelikens útgongspunt. De searje waard yn deselde snuorje útstjoerd as Star Trek: Deep Space Nine. J. Michael Straczynski, de betinker fan Babylon 5, hie it idee foar syn searje, in oant yn detail útwurke omskriuwing fan 'e personaazjes en sitewaasjes, mei gearfettings fan 22 ôfleverings ynbegrepen, al yn 1989 oan Paramount Television sjen litten, doe't er besocht syn searje oan dy studio te ferkeapjen. Paramount sloech it oanbod lykwols ôf, en Babylon 5 waard letter makke troch Warner Bros.

Straczynski stelde nei it sjen fan it earste seizoen fan Star Trek: Deep Space Nine dat der beslist sprake wie fan plagiaat fan syn ideeën. Hy sei dat er wol wis wie dat produsinten Rick Berman en Michael Piller syn materiaal net ynsjoen hiene, mar hy fermoede dat guon liedingjaanden by Paramount dy't dat wol dien hiene, de ûntwikkeling fan Star Trek: Deep Space Nine efter de skermen 'stjoerd' hiene. Straczynski en Warner Bros. besleaten der lykwols gjin rjochtsaak fan te meitsjen, nei eigen sizzen om't it trelit dat dêr sûnder mis it gefolch fan wêze soe allinne mar skea tabringe koe oan beide searjes.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjesStar Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjesStar Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original SeriesStar Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next GenerationStar Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearjeStar Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)