Tûla

in stêd yn Ruslân
(Trochferwiisd fan Toela)

Tûla (Russysk: Тула) is in yndustrystêd yn Ruslân en ek de haadstêd fan de oblast Tûla, sa'n 200 km besuden Moskou. De stêd leit oan de rivier de Upa en it rivierke de Tûlitsa, dêr't de stêd ek nei ferneamd is.

Tûla
Kremlyn fan Tûla
FlaggeWapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Tûla
Sifers
Ynwennertal461.245 (↓) (gemeente) (2022)
Oerflak1500 km²
Befolkingstichtens307,5 ynw. /km²
Hichte170 m boppe seenivo
Oar
Stifting1146
TiidsôneUTC +3
Koördinaten54° 12' N 37° 37' E
Websidetula.ru
Lokaasje fan Tûla yn de oblast Tûla

De stêd hat in âlde sitadel (in kremlyn). De famylje Demidov hat in wichtige rol yn de ûntjouwing fan de stêd spile.

De ferneamde Russyske skriuwer Lev Tolstoj (1828–1910) wenne yn de bûtenpleats Jasnaja Poljana ûnder Tûla dy't de wichtichste toeristyke attraksje fan de oblast Tûla waard.

Al goed fjouwer iuwen is Tûla is in wichtich sintrum fan yndustry en tal fan ambachten. Fral metallurgy, masinebou en metaalbewurking binne fan grut belang, mei as wichtige ôfnimmer definsje, en fierder ek de fiedselyndustry.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
        Jier        Ynwennertal
181152.100
184051.700
186356.700
1897114.700
1914139.700
1923123.300
1926150.100
1939272.200
1956320.000
1959351.000
        Jier        Ynwennertal
1962342.000
1967377.000
1970462.000
1973486.000
1976502.000
1979514.000
1982524.000
1986534.000
1989540.000
1992541.400
        Jier        Ynwennertal
1996528.700
1998519.000
2000506.100
2001499.000
2003481.200
2005465.900
2006509.000
2010492.000?
2022461.245


It besjen wurdich

bewurkje seksje

Stedsbyld Tûla

bewurkje seksje