Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen

De wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen binne wrâldkampioenskippen foar ferskate dissiplines en ôfstannen yn it baanhurdfytsen en wurde organisearre troch de UCI.

Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen
Reinbôgehimd, it himd foar de wrâldkampioen
Reinbôgehimd, it himd foar de wrâldkampioen
sportHurdfytsen
organisatorUCI
earste edysje1893 manlju,
1958 froulju
edysjes
foarrige edysje2022
folgjende edysje2023
Temaside Sport

De kampioenskippen waarden foar it earst yn 1893 hâlden, yn it Amerikaanske Chicago. Dizze kampioenskippen waarden organisearre troch de International Cycling Association. Fan de kampioenskippen fan 1900 ôf naam de UCI de lieding op him. Oant no ta waard der alle jierren in kampioenskip hâlden, mei útsûndering fan 1915-1919 (Earste Wrâldkriich) en 1940-1945 (Twadde Wrâldkriich). By it kampioenskip fan 1939 waard de finale by de sprinters tusken de Nederlanner Arie van Vliet en de Belch Jef Scherens skrast, troch it útbrekken fan de kriich. De Dútser Albert Richter krige syn brûnzen medalje noch al útrikt.

Yn 1958 stiene ek foar it earst dissiplinen foar froulju op it programma. Yn 1993 waard der ôfstapt fan de twa klassen dy 't ûnderskied makken tusken profesjonele hurdfytsers en amateurs.

  • Sprint - sûnt 1893
  • Teamsprint - sûnt 1995
  • Efterfolging - sûnt 1946
  • Ploege-efterfolging - sûnt 1993
  • Keirin - sûnt 1980
  • Omnium - sûnt 2007
  • Tiidrid (1 km) - sûnt 1966
  • Puntekoers - sûnt 1977
  • Scratch - sûnt 2002
  • Offalkoers - sûnt 2021
  • Koppelkoers - sûnt 1995
  • Tandem - fan 1966 oant 1994
  • Stayeren - fan 1893 oant 1992

Medaljeferdieling nei persoan oant en mei 2022 (top-10 klassemint):

hurdfytster TotaalUnderdiel
1  FRAArnaud Tournant143219Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin
2  GBRChris Hoy116825Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin
3  NEDHarrie Lavreysen113014Sprint, Keirin, Teamsprint
4  FRAFlorian Rousseau102416Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint
5    SUIUrs Freuler100515Puntekoers, Keirin, Ploege-efterfolging
6  JPNKōichi Nakano100010Sprint
7  AUSCameron Meyer94215Ploege-efterfolging, Puntekoers, koppelkoers
8  FRAGrégory Baugé94114Sprint, Teamsprint
9  FRADaniel Morelon83516Sprint, Tandem, Keirin
10  NEDJeffrey Hoogland78015Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin, Teamsprint
  • Sprint - sûnt 1958
  • Teamsprint - sûnt 2007
  • Efterfolging - sûnt 1958
  • Ploege-efterfolging - sûnt 2008
  • Keirin - sûnt 2002
  • Omnium - sûnt 2009
  • Tiidrit (500 m) - sûnt 1995
  • Puntekoers - sûnt 1988
  • Scratch - sûnt 2002
  • Offalkoers - sûnt 2021
  • Koppelkoers - sûnt 2017

Medaljeferdieling nei persoan oant en mei 2022 (top-10 klassemint):

hurdfytster TotaalUnderdiel
1  AUSAnna Meares1110627Sprint, Teamsprint, Keirin, Tiidrit (500 m)
2  GERKristina Vogel111414Sprint, Teamsprint, Keirin
3  FRAFélicia Ballanger101011Sprint, Tiidrit (500 m)
4  GBRVictoria Pendleton95216Sprint, Teamsprint, Keirin, Tiidrit (500 m)
5  NEDKirsten Wild94518Puntekoers, koppelkoers, scratch, omnium
6  USASarah Hammer85215Efterfolging, Ploege-efterfolging, Puntekoers, omnium
7  BLRNatallia Tsylinskaya81110Sprint, Tiidrit (500 m)
8  GBRLaura Kenny77115Ploege-efterfolging, scratch, omnium
9  GERLea Sophie Friedrich7209Tiidrit (500 m), Keirin, Sprint, Teamsprint
10  USAChloé Dygert7007Efterfolging, Ploege-efterfolging

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: