Wyns (Tytsjerksteradiel)

Wyns is in doarp oan de Dokkumer Ie en De Moark yn it noardwesten fan de gemeente Tytsjerksteradiel. De buorskippen Bartlehiem en Tergrêft (foar in part) falle ûnder Wyns.

Wyns
Fitustsjerke
Fitustsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal250 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak7,74 km², wêrfan:
- lân: 7,56 km²
- wetter: 0,18 km²
Befolkingsticht.33 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 15' N 5° 49' E
Doarpsgebiet Wyns (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel
Doarpsgebiet Wyns (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel
Kaart
Wyns (Fryslân)
Wyns

Wyns hat 250 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

De delsetting Weninge waard yn 949 foar it earst neamd yn it register fan abt Hadamar fan it Dútske kleaster Fulda. De oan de hillige Fitus wijde tsjerke datearret út likernôch 1200. Wyns wie yn de midsiuwen in foaroansteand plak trochdat der rjocht sprutsen waard foar Eastergoa. Ek de grytmannen kamen wol gear yn it tsjerkje.

De doarpskrante hjit 'De Wynzer Krante', De Fitustsjerke is tsjintwurdich it multyfunksjonele sintrum fan it doarp.

De Wikipedy hat ek in side Sint-Fitustsjerke (Wyns).

De iepenbiere basisskoalle fan Wyns waard yn 2008 sletten. Op it lêst hie de skoalle noch mar 12 bern.[3]

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier19541959196419691973200620152020
Ynwenners184178164143149190220225
  • By Wyns is in oerset oer de Ie.
  • Op it eardere skoalplein stiet in keunstwurk út 1979 fan David van Kampen dat de skiednis fan it doarp útbyldet.
  • Noardeast fan it doarp stiet de Wynzermûne út 1871.

It doarp hat fierder gjin strjitnammen, allinne nûmers.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tytsjerksteradiel
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
wizigje