Zwammerdam

Zwammerdam is in doarp yn de gemeente Alfen oan de Ryn, yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Oant 1964 wie Zwammerdam in selsstannige gemeente. Ferskate dielen fan dy gemeente binne doe by oanswettende gemeente sa as Alfen oan de Ryn, Bodegraven, Boskoop en Reeuwijk oergien.

Zwammerdam
Sintrum fan Zwammerdam
Sintrum fan Zwammerdam
Polityk
ProvinsjeSúd-Hollân
GemeenteAlfen oan de Ryn
Sifers
Ynwennertal1.930 (2010)
Oerflakkm²
Befolkingsticht./ km²
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
Webside Zwammerdam
Kerklaan

Ut de skiednis

bewurkje seksje
Kaart út 1687 mei Swadenburgerdam

Yn de Aldheid wie der yn Zwammerdam it Romeinske fort "Nigrum Pullum" ('swarte grûn') mei floatfasiliteiten. Oerbliuwsels dêrfan binne te sjen op it terrein fan de Hooge Burg. In pear Romeinske skippen hearre by de foarneamste fynsten.

Letter waard it plak Suadenburcherdam neamd, de daam by Suadenburg, dat al yn de 13e iuw neamd. Yn de rin fan de tiid waard dy namme ferbastere ta it Zwammerdam fan no.

Zwammerdam hat in lytse en kompakte âlde kearn mei kronkelende strjitsjes en mei histoaryske bebouwing. Meast hawwe de plakken yn de Rynstreek lintbebouwing, mar Zwammerdam is om in plein hinne boud.

Zwammerdam is it thús fan it Jostiband Orkest. It hat de wierskyn dat Kwiring fan Brekelenkam yn Zwammerdam berne is.

Benoarden it plak stiet De Dikke Molen; bewesten leit de Steektermolen.

Bekende Damsters

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje